Mei sonar sykje nei fermiste

20 okt 2009 - 10:23

In team fan it lanlike plysjekorps KLPD siket tiisdei mei sonarapparatuer fierder nei in 68-jierrige man út Ljouwert. De man wie de skipper fan in jacht dat moandei oantroffen waard op 'e Iselmar by Gaast. De boat wie leech en fear rûntsjes.

Der waard dalik grut alarm slein. De Ljouwerter is wierskynlik oer board slein. De plysje siket tsjûgen dy't de boat sjoen hawwe tusken Koarnwertersân en Gaast. De man is moandei om 7.00 oere fan Teksel fuortfearn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)