Frou oppakt nei falske melding

20 okt 2009 - 10:14

In frou fan 36 jier út Berltsum is moandei yn har wenning oanhâlden om't se in falske melding dien hie by it alarmnûmer 112. De frou joech troch dat der op it Beursplein in ferwûne man lei dy't delstutsen wie. Doe't de plysje en de sikeauto op it plein oankamen wie der neat te sjen.

De frou is nei it plysjeburo brocht en heard. Ambulancezorg Friesland sil de frou in rekken foar har falske melding stjoere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)