Oername Foreign Media Group

© Omrop Fryslân
Van Lanschot Fonds wurdt de grutste oandielhâlder fan de Foreign Media Group yn Ljouwert. De Foreign Media Group regelt de ferkeap fan kompjûterspultsjes, films en klassike muzyk. Fierder jout it bedriuw boeken út fan skriuwers as Carrie Slee en Heleen van Rooyen. Yn 2007 giene ferskate útjouwers en redakteuren fuort fanwege in reorganisaasje.
De oername sil gjin gefolgen ha foar it personiel, want fan Lanschot bemuoit him net mei de oanstjoering.