Sieraden Otazu ferkocht

Alle sieraden giene fan 'e hân
De sierade-ûntwerper Otazu is wrâldferneamd en dat wie moandei te fernimmen yn it feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts. Der wienen in pear hûndert gadingmakkers foar de sieraden út de fallite boedel. Want Otazu is fallyt. Hy makke sieraden foar modeshows fan Mart Visser en Frans Molenaar en tal fan artysten kochten by him.
Moandei lykwols krige elkenien in kâns want alles gie fuort, makke neat út wat it opbrocht. Der waarden sa'n 120 sierraden ferkocht.