Grutte syktocht op Iselmar

19 okt 2009 - 20:30

Der is moandeitejûn mei man en macht socht om de skipper fan in njoggen meter lang jacht dat oantroffen waard op 'e Iselmar by Gaast. De boat farde rûntsjes sûnder dat der ien oan board wie. Der waard daliks grut alarm slein om't it fermoeden bestiet dat de skipper oerboard slein is.

Fan healwei seizen ôf hawwe ferskate rêdingsboaten, in helikopter en in fleantúchje mei ynfraread socht. De syktocht is om alve oere stillein, sûnder resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)