UR Sintrum A7 nei rjochter

© Omrop Fryslân
De ûndernimmingsried fan it Sintrum foar de Keunsten A7 stapt nei de rjochter. De UR wol it beslút fan de fjouwer gemeenten oanfjochtsje om gjin jild mear yn it sintrum te stekken. A7 hie frege om 250.000 euro, om sa in fallisemint foar te kommen.
De gemeenten dy't dielnimme yn A7, Opsterlân, Hearrenfean en de beide Stellingwerven, ha dat lykwols wegere. Middels in saneamde "voorlopige voorziening" wol de UR dat beslút fia de rjochter keare.