'Kontenerfeart beheine'

19 okt 2009 - 17:04

De Waadferiening ropt steatssikretaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat op om de gefaren fan de kontenerfeart boppe de Waadeilannen te beheinen. De feriening wol dat it Ryk in farferbod ynstelt as de wyn boppe de 5 Beaufort komt.

Oanlieding fan de oprop is it ynsidint fan ôfrûne wykein. In motorskip ferlear tsien seekonteners mei gemysk guod. Trije dêrfan spielden oan op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)