Scheringa: Rinsma State kwyt

19 okt 2009 - 16:18

Dirk Scheringa rekket Rinsma State kwyt. Hy sei dat moandeitejûn by Pauw en Witteman. Scheringa freget dizze wike it fallisemint oan foar DSB Beheer, dêr't it gebou ûnder falt. It âlde gemeentehûs fan Dantumadiel waard in pear jier lyn foar sawat twa miljoen euro kocht troch it bedriuw fan Scheringa en folslein opknapt.

De bankier syn frou komt út Driezum. Ek is Scheringa destiids troud op Rinsma State. It histoaryske hûs is sûnt koart ek wer in troulokaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)