De Friesland bliid mei yngreep

19 okt 2009 - 10:59

Soarchfersekerder De Friesland is bliid mei in maatregel fan it ministearje fan Folkssûnens om minsken dy't har fersekeringspreemjes net betelje, hurder oan te pakken. Fan april takom jier ôf sil fan klanten dy't langer as in heal jier in betellingsefterstân hawwe, in part fan it salaris, útkearing of soarchtaslach ynhâlden wurde.

Sa krijt de fersekerder dochs noch de soarchpreemje. Yn de regio Den Haach wurket dit nije betellingssysteem al.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)