Botsing troch lege sinne

19 okt 2009 - 10:20

Op de Westergoawei yn Burchwert is sneintemiddei in 25-jierrige automobilist út Hylpen ferwûne rekke yn ferbân mei in oanriding. De man ferklearre dat er lêst hie fan de leechsteande sinne en dêrtroch de auto fan in 21-jierrige frou út Lollum net sjoen hie.

De frou koe in oanriding net foarkomme. Se kaam mei de skrik frij, krekt as har 27-jierrige passazjier. De man út Burchwert is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)