Fytser ferwûne by oanriding

19 okt 2009 - 10:16

Op de Stasjonswei op De Gordyk is sneintemiddei in 32-jierrige fytser út Jobbegea ferwûne rekke. De fytser ried de krusing op en woe linksôf slaan. Dêrby seach er de auto fan in 28-jierrige automobilist út De Gordyk oer de holle. In oanriding wie it gefolch.

It slachtoffer foel en is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)