Wylde mem yn Beetstersweach

Beetstersweach (argyffoto)
In frou fan 51 jier út Beetstersweach is sneontenacht troch de plysje oppakt om't se in plysjefrou yn it gesicht slein hie. De frou wie lilk fanwege de arrestaasje fan har soan (17). Dy hie earder op 'e jûn belutsen west by fjochterij yn it eigen doarp en hie dêrby twa auto's fernield. Doe't de plysje de jonge oppakke woe, hellen oaren syn famylje derby. It suske fan 'e fertochte luts oan 'e plysjes. De famylje op syn beurt docht oanjefte fanwege plysjegeweld.