Autobekrassers yn Sumar pakt

18 okt 2009 - 15:42

De plysje hat dit wykein yn Sumar twa jonges fan 27 en 29 jier oppakt foar de fernieling fan in auto. In tsjûge hie sjoen hoe't beide manlju sneontenacht de foarút fan in auto stikkensloegen en de auto bekrasten.

De auto wie eigendom fan in 24-jierrige ynwenner fan Sumar. Op syn oanwizings en dy fan in tsjûge kaam de plysje de fernielers op it spoar. Se waarden úteinliks oanhâlden yn it hûs fan de 27-jierrige fertochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)