Gjin 60, mar 136 km yn 'e oere

18 okt 2009 - 15:37

Yn Sigerswâld is in 37-jierrige ynwenner fan Bakkefean syn rydbewiis kwytrekke. Dy moast de man ynleverje by de plysje om't er fierste hurd oer de Bremerwei by it doarp riden hie.

Op dy Bremerwei mei mar 60 riden wurde. De man gie mei net minder as 136 kilometer yn 'e oere op 'e teller by in laserkontrôle fan 'e plysje del.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)