Súkses Van Lunzen yn Amsterdam

18 okt 2009 - 14:37

Hurdrinner Remon van Lunzen fan Ljouwert is snein by de 34e edysje fan de maraton fan Amsterdam Nederlânsk kampioen wurden yn de 40 plus-klasse. Hy rûn de 42 kilometer en 195 meter mei start en finish yn it Olympysk Stadion yn in tiid fan 2.25,13. Dat is in nei persoanlik rekôr. Syn âlde rekôr wie 2.26,13.

De Keniaan Gilbert Yegon wûn de maraton fan Amsterdam. Syn offisjeuze tiid wie 2.06,18. De 21-jierrige Afrikaan debutearde yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)