Ferkeap bisten dochs tastien

18 okt 2009 - 13:31

Túnsintrum Ranzijn yn Snits mei dochs bisten ferkeapje. Yn de nije detailhannelfisy fan de gemeente stiet dat op maksimaal 10 persint fan it grûnoerflak fan 'e winkel bisten stean meie foar ferkeap. Oft dat genôch is foar Ranzijn is net bekend.

De gemeente ferbea earder de ferkeap fan bisten by Ranzijn. De winkél kundige dêrop tsien ûntslaggen oan om't de tichte bisteôfdieling de saak klanten kostje soe. Oft de ûntslaggen no fan 'e baan binne, is ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)