Laaksumer fisk streekprodukt

18 okt 2009 - 12:53

De Laaksumer bot is fan moandei ôf in Erkend Streekprodukt. De Stichting Streekeigen Produkten Nederlân rikt it sertifikaat út oan twa fiskers út it plakje. Dat sil wêze yn Warkum foar de start fan 'e Strontrace en de pleatslike Fiskerijdagen.

De botten wurde fongen yn 'e Iselmar foar de kust fan Gaasterlân. De erkenning moat liede ta ekstra ôfset yn 'e hoareka en in hegere priis foar de fiskers. Oare streekprodukten binne Waddengoud en it Koudumer Beantsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)