Epke snein yn aksje op WK

18 okt 2009 - 11:56

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer komt sneintemiddei yn aksje by twa tastelfinales op it WK turnjen yn Londen. Zonderland moat om healwei trijen syn oefening op de brêge dwaan. Hy is as fyfde op it ûnderdiel oan 'e beurt.

Tsjin fiven moat Zonderland los op it rek. By dat ûnderdiel makket er de measte kâns op in medalje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)