Rampeplan gemeenten doocht net

18 okt 2009 - 11:26

Gemeenten yn Fryslân hawwe har rampeplannen net goed op oarder. Dat fynt kommissaris Jorritsma. Neffens him hawwe gemeenten de oanpak fan rampen wol goed op papier stean, mar wurdt der te min oefene om te sjen oft it yn 'e praktyk ek goed wurket.

Jorritsma komt mei syn krityk yn in rapport dat er meitsje moat foar de minister fan Ynlânske Saken. Sa'n rapport moat de kommissaris alle jierren oan de minister stjoere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)