Skier meast tsjustere plak

Skiermûntseach is it tsjusterste plak fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan twa natuerorganisaasjes. Dêrby is ûnder oare sjoen nei de kleuren dy't yn it tsjuster noch te ûnderskieden binne en nei it tal stjerren dat teld wurde kin.
Op Skiermûntseach waarden goed 3.000 stjerren sjoen, yn stêden binne dat der faak mar sa'n 30. Yn de top tsien fan tsjusterste plakken steane noch trije Fryske lokaasjes: de bosken fan Appelskea, Gaasterlân en de Waadkust.