Fryske plysjes nei Gambia

18 okt 2009 - 09:45

Twa Fryske plysjes binne ûnderweis nei Gambia, om dêr in eardere auto fan de Fryske plysje ôf te leverjen. De auto sil yn it lân brûkt wurde foar medyske help. De auto is foar de tocht opknapt mei help fan sponsors.

De Fryske plysjes meitsje diel út fan in groep plysjes dy't meardere auto's en ek motors nei Gambia bringt. Dat wurdt dien op inisjatyf fan de stichting Desert Cops. De tocht begûn sneon yn Den Haach en duorret sa'n trije wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)