Nijmegen te sterk foar Flyers

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers ha de iishockeywedstriid yn en tsjin Nijmegen mei 7-2 ferlern. De Romijnders Devils namen op it eigen iis yn de earste perioade in 2-1 foarsprong. De Flyer goal wie fan Paul Vincent. De twadde perioade wie mei 2-0 foar Nijmegen.
Yn de tredde perioade wie de earste skoare fan Flyer Erik Landman. Dêrnei folgen trije doelpunten fan Nijmegen. De Hajé Flyers stean no mei 11 punten út 10 wedstriden op it sechsde plak.