Aris ferliest fan Weert

17 okt 2009 - 23:00

De Friesland Aris hat de thúswedstriid fan Upstairs Weert mei 94-82 ferlern. De Ljouwerters koene yn de earste twa kwarten de tsjinstanner byhâlde en sels krekt foarbliuwe. Nei 18-19 en 22-20 stie it healwei 40-39 foar Aris. Yn it tredde kwart waard it ferskil makke. Weert wûn doe mei 26-16. Ek yn it lêste kwart wie Weert mei 29-26 de sterkste.

By Aris wie Rein van der Kamp mei 18 punten de topskutter. Tristan Blackwood makke 16 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)