Nije politike partij op Skier

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach binne plannen foar it oprjochtsjen fan in nije partij. Under de namme 'Democraten Schiermonnikoog 2010' wol de partij meidwaan oan de riedsferkiezings fan takom jier.
Der is yntusken in plan mei tsien punten makke dêr't de partij him foar ynsette wol. Dat binne û.o. de ynrjochting om it gemeentehûs hinne, it eigendom fan de jachthaven en it âldereinbelied. De partij siket noch nei leden en kandidaat-riedsleden.