Soldaatsje Barrahûs wer teplak

17 okt 2009 - 12:27

It soldaatsje fan Barrahûs is wer op syn post. Freed waard it byldsje fan in soldaat út it Staatse leger ûntbleate by in pleats oan it spoar by Wurdum. It giet om in kopy fan it byld dat in pear jier ferlyn fuorthelle is.

It orzjineel fan ierdewurk wie bot oantaast troch it waar en waard foar restauraasje fuorthelle. Bliken die dat er der sa min oan ta wie dat besletten waard it byld net wer op it âlde plak te setten en oer te dragen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)