Spoaroergong Frjentsjer ticht

16 okt 2009 - 19:51

De ûnbewekke spoaroergong yn Frjentsjer tusken de Poiesz supermerk en de parallelwei wurdt mei yngong fan 1 novimber sluten. Dat hawwe de gemeente Frjentsjerteradiel en railbehearder Prorail besletten.

De oergong ticht by it stasjon fan Frjentsjer soe net feilich wêze. Minsken wolle noch krekt efkes foar de trein oerstekke om de trein noch te heljen. De masinisten hawwe harren soarch hjir ek oer útsprutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)