2700 jongeren oan wurk helpe

16 okt 2009 - 16:16

De kommende jierren moatte yn Fryslân 2700 jongeren ekstra oan wurk holpen wurde. Dêrfoar ha de gemeenten 9,5 miljoen euro ekstra beskikber om dat op te rêden. It grutste part sil oan gewoan wurk holpen wurde.

Fierder komme der ûnder oare 500 staazjeplakken by en 300 plakken foar jongeren dy't oars dreech wurk fine kinne. De Ljouwerter wethâlder Florijn lûkt it projekt foar Fryslân. Hy tinkt dat se mei de ekstra finansjele stipe in ein komme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)