H'fean besuniget miljoenen

16 okt 2009 - 12:12

De gemeente Hearrenfean moat de kommende jierren miljoenen euro's besunigje. De ynkomsten fan de gemeente wurde minder omdat it Ryk minder jild jout út it gemeentefûns.

Boppedat ferwachtsje boargemaster en wethâlders dat minder bougrûn ferkocht wurdt oan bedriuwen. Dêrtroch wurde de ynkomsten leger. Dêrneist kin de wurkleazens yn de gemeente tanimme, en dan komme mear minsken yn de bystân. Wethâlder Meine Scheweer hâldt rekken mei in besuniging fan 4 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)