Man ferwûne by oanriding

© Omrop Fryslân
In man fan 40 jier út Boalsert is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Westergowei by Wommels. In 24-jierrige automobiliste liet de motorrider net foargean.
Hy besocht noch om de auto te ûntwiken, mar slagge dêr net yn. De man rekke ferwûne oan in foet. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De autobestjoerster wie nei it ûngelok trochriden, omdat se tocht dat de motorrider ek fuortried. De plysje koe har letter achterhelje.