Emoasjes by ynfojûn Impulse

De besteande festiging fan !mpulse is te lyts wurden
Op in spesjale ynformaasjejûn binne de âlden fan de learlingen fan Piter Jelles Impulse yn Ljouwert tongersdei bypraat oer de grutte feroarings dy't Piter Jelles woansdei oankundige. De emoasjes rûnen dêrby heech op.
Underdiel fan dy plannen is it sluten fan it hjoeddeiske gebou fan Impulse en in ferhuzing nei de lokaasje dêr't no Piter Jelles Montessori yn sit. Dy ferhuzing is neffens de direksje nedich omdat op de hjoeddeiske lokaasje net genôch romte is.