Beslút Alvestêderûte útsteld
It beslút yn de gemeenteried fan Ferwerderadiel om 82.000 euro ekstra beskikber te stellen foar it befarber meitsjen fan de noardlike Alvestêderûte is tongersdeitejûn útsteld.
Boargemaster Van den Berg wol noch in tal saken dúdliker sjen te krijen. De gemeente Ferwerderadiel hat earder al 130.000 euro yn it projekt stutsen.