900 'fergetten' kuierpaden fûn

15 okt 2009 - 16:46

Mei help fan fral âldere bewenners fan Fryslân binne 900 fergetten paden ûntdutsen. De paden hawwe mei-inoar in lingte fan 400 kilometer. Tongersdei waard it projekt Oude Paden, Nieuwe Wegen fan Monumintesoarch Fryslân ôfsletten. Twa jier ferlyn begûn it stipepunt mei ynformaasjejûnen wêrby't bewenners fan in streek harren eigen fergetten paden opjaan koene.

De digitale kaart mei alle fergetten paden stean op de temasite 'Oude paden, nieuwe wegen'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)