Ried fan Steat gear oer REC

15 okt 2009 - 14:33

De Ried fan Steat yn Den Haach behannelet tongersdei de beswieren tsjin de miljeufergunning foar de ôffaloven fan Omrin yn Harns. Tsjin de fergunning binne acht beswieren ynbrocht. In tal fan de beswiermakkers jout by de sitting in taljochting.

It giet ûnder oare om de Waadferiening en Stichting Afvaloven Nee. Ek de provinsje - as fergunningferliener - en Omrin - as inisjatyfnimmer fan de oven - komme oan it wurd. De útspraak is op syn betiidst oer seis wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)