Foppe definityf nei Kaapstêd

Foppe de Haan giet nei Súd-Afrika
Foppe_de_Haan tekenet definityf in kontrakt by Ajax_Cape_Town yn Súd-Afrika. De âld-Hearrenfeancoach hat tongersdeitemoarn de lêste ploaien mei de klup glêd strutsen. De_Haan tekenet foarearst oant maaie takom jier.
Dêrmei komt foarearst in ein oan it senior-trainerskip by Hearrenfean, dêr´t De_Haan sûnt dit seizoen mei begûn wie. Hy sil al op hiel koarte termyn nei Súd-Afrika ôfreizgje. Sportklup_Hearrenfean leit net dwers by it fuortgean fan De_Haan.