MID krijt jild út fûns

© Omrop Fryslân
It bedriuw MID Solutions krijt jild fan it Fryslân Development Fonds. Dat fûns fan provinsje, Rabobank en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland is bedoeld om jonge bedriuwen groeie te litten. Bedriuwen kinne dêrby oanspraak meitsje op in bedrach fan tusken de 50.000 en 150.000 euro.
MID Solutions rjochtet him op it ferbetterjen fan ynterne prosessen by bedriuwen. Hoefolle it bedriuw fan it fûns krijt is net bekend makke.