Gjin stipe foar âld & nijfeest

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel wegeret om subsydzje te jaan foar it âldjiersfeest. De organisaasje hie frege oft se de fergunning fergees krije koene mar dat is ôfwiisd. Wol jout de gemeente in koarting fan 150 euro op de hier fan iepenbiere húskes.
De organisaasje is slim teloarsteld. Se fine dat se rjocht hawwe op subsydzje omdat it tal fernielings yn de stêd sûnt dat it feest hâlden wurdt mei de helte ôfnommen is.