Fermiste man dea oantroffen
De 25-jierrige man dy't sûnt 26 septimber fermist waard op Skylge is dea weromfûn. It lichem fan de man dreau by de seedyk boppe Sint Anne. It waard dêr fûn troch in kuierder.
De man rûn ein septimber yn ferwarde tastân it Waad op. De plysje giet dêrom net út fan in misdriuw.