Jonge (14) oppakt op Skier

15 okt 2009 - 10:00

De plysje hat woansdeitenacht yn in kampearbuorkerij op Skiermûntseach in jonge (14) oanhâlden. De jonge út Rotterdam wie mei oare jongeren en begelieders op it eilân. Nei eardere spannings ûntstie der in fjochtpartij, wêrby't de 14-jierrige Rotterdammer in leeftiidsgenoat oanfoel.

De dieder is troch begelieders oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. Hy is mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht. Dêr is er fêstset op it plysjeburo fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)