Frou ferwûne by fal fan balkon
In 64-jierrige frou út Frjentsjer is woansdeimiddei ferwûne rekke by in fal fan in balkon. De frou besocht nei ûnderen te klimmen, neidat de balkondoar ticht fallen wie.
Dat klimmen mislearre en de frou foel. Se rûn dêrby in pynlik ankel op. Se is foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.