Fryske bedriuwen nominearre

© Omrop Fryslân
Sân fan de trettjin bedriuwen dy't nominearre binne foar de jonge ûndernimmerspriis fan it noarden fan dit jier komme út Fryslân. Under de sân sitte sauna Hotstones út Froubuorren, Appelscha-Outdoor en en it Balkster bedriuw Kickerkindermode. De sân Fryske bedriuwen moatte it opnimme tsjin trije ûndernimmers út Grinslân en trije út Drinte.
Op 29 oktober moatte alle ûndernimmers har presinteare oan de sjuery. Op 24 novimber wurdt de winner bekend makke.