Chipsfabryk net yn problemen

© Omrop Fryslân
Chipsfabryk Organic Foods fan Wolvegea kin trochgean mei de produksje. Eigner Andringa hie in skeel mei de gemeente Weststellingwerf oer stjonkoerlêst. De gemeente hat in fergunning ôfjûn wêryn't Andringa opdroegen wurdt sels de problemen mei de oerlêst op te lossen.
De Ried fan Steate fynt dat soks net kin. Neffens de Ried is it ûnmooglik foar Andringa om dat sels te bepalen. De miljeufergunning is dêrom ferneatige.