Aksje yn Feanwâldsterwâl

14 okt 2009 - 17:06

Feanwâldsterwâl komt tongersdei yn aksje om it fuortbestean fan it plak feilich te stellen. It leit op de grins fan Tytsjerksteradiel en Dantumadiel. De 350 ynwenners binne bang dat it by de oankommende gemeentlike weryndieling fan de kaart fage wurdt. De beide gemeenten dêr't Feanwâldsterwâl yn falt, binne fan doel te fusearjen mei oare gemeenten.

Doel fan de aksje is in doarpsstatus te krijen sadat de fúzjegemeenten net mear om Feanwâldsterwâl hinne kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)