Karelse baas oer brânwacht

© Omrop Fryslân
Nettie Karelse is al hast in jier as waarnimmend brânwachtkommandant yn funksje, mar wurdt op 1 novimber foar ûnbepaalde tiid op dy post beneamd. Se wurdt direkteur kommandant fan de Ljouwerter brânwacht en fan de Boarnsterhimster brânwacht. Dêr hat se sûnt 1 juny de lieding.
Karelse folge begjin dit jier kommandant Postma op, dy't doe beneamd waard as kommandant fan de hiele regio Fryslân.