Wethâlder Ruben hâldt op

Roel Ruben
Wethâlder Roel Ruben fan Ferwerderadiel leit fuortdaliks syn wurk del. Ruben (PvdA) wie sûnt april 2006 wethâlder, hy giet oer sosjale saken, wolwêzen, sport en ûnderwiis.
Neffens de gemeente hat Ruben sels de kar makke om op te hâlden, omdat er sa om syn sûnens net langer fierder koe yn dizze funksje. Hy wie al in pear wiken net mear oan it wurk, mar likegoed kaam it berjocht op it gemeentehûs as in ferrassing.