Natuer Fochtelerfean rêde

It 'veenhooibeestje' (foto:Judith Bouma)
Mei it meitsjen fan in kade yn it Fochtelerfean besiket Natuermonuminten it gebiet te rêden fan ferbosking. Mei de wâl wurdt reinwetter binnen it heechfeangebiet hâlden, mar omdat it wetter troch de kade fuortlekt, ferdroeget it gebiet hurd.
It Fochtelerfean is ien fan de lêste heechfeangebieten fan ús lân. Omdat it fean sa wiet is, libje der in soad bysûndere soarten lykas planten en flinters. Ek briede der kraanfûgels.