Bosk makket plak foar dún

It âlde natuerlânskip komt werom op Skylge
Op Skylge wurdt sân bunder bosk kappe. De beammen moatte plakmeitsje foar dunen. Steatsboskbehear wol dat it eilân syn oarspronklike natuerlânskip weromkrijt. Der wiene wol protesten fan de bewenners.
Eilanners stapten nei de rjochter, want mei it ferdwinen fan it bosk driget wetteroerlêst yn it gebiet. Nei in fûle juridyske striid moasten de bewenners ta har teloarstelling belies jaan. Steatsboskbehear hat tasein de eilanners mear derby te belûken.