Kursus Frysk foar Russen

14 okt 2009 - 14:13

De Afûk biedt in kursus Frysk foar Russen oan. It giet om in digitale kursus op www.volangteers.nl. De kursus is ornearre foar Russen en East-Europeanen dy't yn Fryslân wurkje of studearje. Se leare sinnen as 'Hoe hytsto' of 'Hoe is it dermei'.

Der binne soartgelikense podcasts yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. Der komt ein dit jier noch in Sineesktalige kursus by. Minsken kinne de lessen op 'e kompjûter beharkje of se oersette op in mp3-spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)