It Amelân oan ramp ûntkaam

14 okt 2009 - 12:45

It boarplatfoarm yn de Noardsee by It Amelân is oan in ramp ûntsnapt. Dat seit boargemaster Albert de Hoop. Ferline wike ferlear in skip op folle see yn in stoarm njoggen konteners. De measten spielden oan op it strân, mar twa dreaunen nei it boarplatfoarm en botsten hast tsjin gasliedings. It rûn goed ôf, mar it hie ek misgean kinnen.

De boargemaster is bot skrokken en easket dat de Raad voor de Verkeersveiligheid van Pieter van Vollenhoven ûndersyk docht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)