Jachtwerf De Polle fallyt

© Omrop Fryslân
De rjochtbank hat jachtwerf De Polle yn Grou fallyt ferklearre. De jachtwerf is eigendom fan Roel Wester. Dy betocht begjin jierren njoggentich de Splash. Dat is in lytse sylboat dy't troch ien persoan fearn wurde kin. De sylboat waard yn 2005 offisjeel erkend troch de Ynternasjonale Sylfederaasje.
Wat de gefolgen binne fan it fallisemint is noch net dúdlik.