Badkûpen foar seehûnekresj

14 okt 2009 - 11:05

De seehûnekresj yn Pieterburen wurdt oerspield mei minsken dy't in badkûp oanbiede. Der binne by de kresj de lêste wiken goed hûndert seehûnen binnebrocht, folle mear as dat de kresj oankin. De kresj hat in kapasiteit fan 80 seehûnen.

Radio-538 deejay Edwin Evers rôp tiisdei yn syn programma de harkers op om de kresj te helpen. Der binne de kresj al mear as 100 swimbaden en badkûpen oanbean. Der sit sels in jacuzzi by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)